Winner Oerolfreonelottery bekind

Winner Oerolfreonelottery bekind

De winner fan de jierlikse Oerolfreonelottery is wurden Joran van der Ven. Hij is ien fan de minsken dy’t dit jier by it Oerolfestival meidien hat oan ús freoneaksje. De Folkshegeskoalle hat in fersoarge kursusdielname ferlotte. Dit jier koene de dielnimmers kieze út in wykein Mindful yn aksje, Fûgels yn de hjerst of Zen meditaasje.
De oare Oerolfreonen dy’t meidien ha oan de lottery, en dochs graach meidwaan wolle oan ien fan de trije neamde kursussen, krije 10 persint koarting at se har opjouwe. Yn totaal hawwe goed 70 freonen dit jier meidien.
Us eigen Jetty Akkerman tovere it lot fan Jordan van der Ven út de hege hoed as winner.