roefkeverblijf_1
Op de Folkshegeskoalle kinne jo terjochte foar it hieren fan in appartemint,twapersoanskeamers en sliepsealen/ slaapzaaltjes. Ús apparteminten biede fjouwerpersoanskeamers en binne gaadlik foar yndividuele gasten of minsken dy’t mei in groep komme. Ús sliepsealtsjes en sliepsealen binne ynrjochte foar twa oant 14 persoanen en biede groepsakkommodaasje foar groepen oant 100 persoanen.
De gebouwen lizze ferspraat oer ús romme, gloaiende terrein en binne om sa te sizzen opnommen yn de dunen. Se binne ûntwurpen troch arsjitekt Gunnar Daan yn in freonlike, Skandinavyske styl en hawwe elk in eigen karakter.

Apparteminten Folkshegeskoalle

Appartementen Koai en Stjûne

Koai en Stjûne (Scheepskooi en Steven)

Yn dizze smûke, ienfâldige 4-persoansapparteminten treffe jo twa sliepromten, in dûs, in húske, tv en in itensierdersgelegenheid. Jo kinne ek linnenguod hiere foar €10,- per persoan, dat is bêdeguod en handoeken. De appartementen binne ûnder.

Groepsakkommodaasje Folkshegeskoalle

roefkeverblijf_2

It Roefke (De Roef)

Jo sliepe foardielich en sfearfol yn in keamer of sliepseal, ynrjochte foar 2 oant 14 persoanen. Alle sliepsealen hawwe in eigen dûs en húske. Ek hjir kinne jo bêdeguod en handoeken bybestelle foar €10,- per persoan.

It Roefke is as groepsakkommodaasje gaadlik foar skoallen yn it basis en foartsetûnderwiis, hegeskoallen en universiteiten mar ek kursussen, bedriuwsuitsjes, ferienings, famylje- en freonegroepen. Der kinne mei-inoar 78 minsken sliepe yn It Roefke. Foar gruttere groepen, kinne alle akkommodaasjes hiert wurde, dan is der plak foar 100 minsken.

photo

De Brêge (De Brug)

It fraaie rûne gebou De Brêge is om in dún hinne boud. Der binne 1 romme twapersoanskeamers. Alle keamers hawwe in túndoar dy’t streekrjocht útkomt op de bosk. Alle keamers hawwe in eigen dûs en húske. Yn de foyer – mei tv- kinne jo josels in drankje ynskinke. Boppe is in rûne, ljochte seal, geskikt foar alle mooglike aktiviteiten, fan yoga oant fergaderromte. Der leit in grut terras omhinne.