Yn alle sealen kin in DVD- of fideospiler brûkt wurde.
Oare fasiliteiten: WiFi (nim jo eigen laptop mei!), beamer, telefyzjes, muzykynstallaasjes, piano, spultsjeskiste.
Brêge Seal
De Brêge Seal is in rûne, ljochte konferinsjeromte foarsjoen fan alle gemakken. Der leit in grut terras omhinne. De Brêge Seal wurdt brûkt sawol foar saaklike byienkomsten as foar Zen-meditaasje of in skilderskursus. Jo kinne dêr ûnbehindere gearkomsten hâlde of wurkje mei in (kursus)groep oant ûngefear 30 persoanen. Audiofisuele middels binne beskikber: DVD, Beamer (te hier), fideo, flipover, overheadprojektor, dia-apparatuer, muzykynstallaasje.
Roefke Seal
Dy rekreaasjeseal, ynrjochte mei in soad hout, is yn It Roefke. In smûke seal mei fideo en muzykynstallaasje. Grut genôch foar 60 persoanen. In fjildwurkkast is oanwêzich.

It Rom
Mei-inoar ite yn It Rom, dat heart by de filosofy fan de Folkshegeskoalle. Jo brûke it miel mei de oare gasten. Wy litte jo graach genietsje fan it goede fan de ierde. Dêrom brûke we farske, benammen biologyske yngrediïnten en Skylger tsiis, en skinke we Max Havelaar-kofje. As jo wolle, siede we fegetarysk of neffens jo dieet.
It Bopperom
In sfearfolle groepsromte mei iepen hurd, piano, tv, DVD en muzykynstallaasje, mei in terras op it suden. It Bopperom biedt plak oan 80 persoanen en is gaadlik foar groepen, kursisten of famyljes dy’t op in noflike wize byelkoar wêze wolle.