Subsydzje foar dûnsflier tusken de bunkers

Subsydzje foar dûnsflier tusken de bunkers

De Folkshegeskoalle hat €10.000 subsydzje krigen foar de realisaasje fan in dûnsflier mei sitplakken. Op dizze dûnsflier kin de Skylger folksdûnsferiening (de VTV) har dûnsdemonstraasje hâlde. Folksdûnsjen is in belangryk ûnderdiel fan de eilanner folklore en in aktiviteit dy’t by útstek passet by de Folkshegeskoalle, wy binne úteinlik in plak foar (folks-)kultuer en moeting. Dizze mienskiplike bân tusken de VTV en de FHS, at it giet om folkskultuer en mienskipszin, makket de Folkshegeskoalle ta it perfekte plak foar de dûnsdemonstraasjes.
De dûnsflier mei sitplakken wurdt realisearre tusken de munysjebunkers op it hiem fan de Folkshegeskoalle. Dat plak kin ek brûkt wurde foar foarstellings, optredens en oare aktiviteiten.

De subsydzje is ôfkomstich út it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje Fryslân. Mei dat fûns wol de provinsje ynfesteare yn leefberrens. Yn totaal hawwe 21 projekten op de Fryske Waadeilannen stipe krigen.