In soad basisskoallen en ek it fuortset ûnderwiis komme nei de Folkshegeskoalle foar har skoalreiske, wurkwike of ‘wendagen’. It fakânsjegefoel begjint al yn Harns, sadree’t de bern op de boat stappe. Op de haven fan West stean de bussen klear om de bern nei Hoarne te bringen, dêr’t Folkshegeskoalle Schylgeralân yn de bosk leit, sa’n 300 meter fan de bushalte.
In soad skoallen hiere (fia de Folkshegeskoalle) in fyts yn West, litte har bagaazje troch de fytsferhierder ferfiere en meitsje dan in moaie fytstocht oer it eilân nei ús ta.
De Folkshegeskoalle stiet yn de Hoarnske bosk, dat yn in dúnlânskip leit. In spannend (boarters)plak op ús hiem is de romte tusken de âlde bunkerkes, dêr’t bern graach omstrune. De Folkshegeskoalle leit op fiif minuten fytsen fan it strân.

Guon skoallen hawwe har eigen programma. Oare skoallen meitsje gebrûk fan it Fjildwurk-programma dat spesjaal foar Folkshegeskoalle Schylgeralân ûntwikkele is. Wy kinne jo dêroer ynformearje.
Op dizze side fine jo ek in list mei programma-ideeën foar basisskoallen en foar it fuortset ûnderwiis.
Bern en leararen oernachtsje yn gebou It Roefke dêr’t 10 sliepsealen en sliepsealtsjes binne. Der binne sealen foar 4 oant 14 persoanen, yn totaal foar 76 persoanen.

Yn It Roefke is in rekreaasjeseal (Roefke Seal) mei DVD-fideo, lûdsynstallaasje en dartboard. De skoallen ferbliuwe hjir op basis fan folpensjon. De dosinten kinne sa al har tiid besteegje oan de aktiviteiten foar de bern.
Ús kok kin rekken hâlde mei dieetwinsken as jo dat op ‘e tiid oan ús trochjouwe. In soad skoallen komme jier op jier graach werom by Folkshegeskoalle Schylgeralân foar har sportive en ‘natuerlike’ wurkwike.

Prizen 2015
  • Basisskoallen € 25,75 de persoan deis eksklusyf toeristebelesting (folpensjon).
  • Fuortset ûnderwiis € 33,- de persoan deis eksklusyf toeristebelesting (folpensjon).
    De toeristebelesting is € 1,50 de persoan de nacht.

Ek binne der alle jierren simmerkampen foar Frysktalige bern fan 10 oant 15 jier. In wike lang plezier mei in soad aktiviteiten en kreativiteit, mei begelieders mei romme ûnderfining tusken de 20 en de 30 jier.