Iepening Teater de Rondte

Iepening Teater de Rondte

Mei in gevarieard programma en ûnder grutte belangstelling is op 18 july Teater de Rondte by de Folkshegeskoalle offisjeel iepene. De Rondte is dé nije lokaasje foar de dûnsdemonstraasjes fan de Volksdansvereniging van Terschelling (VTV).
De VTV wie al in skoft op syk nei in nije lokaasje en de Folkshegeskoalle wol graach plak biede oan dizze eilanner folkskultuer. In soad minsken en bedriuwen op it eilân hawwe hurd wurke om dit nije plak te realisearjen. Steatsbosbehear, Oerol, de provinsje Fryslân, de gemeente Skylge, TripHek, Ruijg, ûntwerper Danny van Mullekom en in hiel soad frijwilligers hawwe deroan meiwurke.
Bij de iepening wiene der dûnsdemonstraasjes ôfwiksele mei eilanner musikanten lykas René de Beer, it koar Wadvocaal en de band Coffeedick. In tige fleruich en gesellich programma dêr’t sa’n 120 minsken op ôfkaam binne.
It nije teater is foar allerhande aktiviteiten geskikt, sa is der dit jier al in musykfertelteater en in filmjûn. We hoopje dat in soad ynstânsjes en skoallen goed gebrûk meitsje sille fan dit nije prachtige plak!