Hoe komme jo hjir?

Mei de gewoane feartsjinst út Harns binne jo yn twa oeren op Skylge. De flugge boat docht der trije kertier oer. Jo kinne mei iepenbier ferfier nei Harns komme, of mei de auto. De auto kinne jo goed parkeare yn Harns. Jo kinne in boatkaartsje keapje op www.rederij-doeksen.nl of via 0900-3635736 (0900-doeksen).

Op de haven op Skylge steane bussen klear om jo nei De Folkshegeskoalle te bringen. Kies de bus ‘Oosterend’. Yn Hoarne moatte jo útstappe by de halte Badwei/Groene Weide. dan is it noch in lyts eintsje rinnen nei de badwei fan Hoarn. Jo kinne ek fytse fanôf de haven nei de Folkshegeskoalle, op de haven binne tal fan fytsferhierders dy’t jo bagaazje graach by ús bringe. Mar hâld wol rekken mei in fytstocht fan 12 kilometer. Der binne ek fytsen te hier hjir yn Hoarne.

Adres

Folkshegeskoalle Schylgeralân Badwei 11 8896 KC Skylge Hoarne tel: 0562-448954 e-mail: info@folkshegeskoalle.nl

Foarsjenningen yn de buert

Jo kinne fytsen hiere yn it doarp by Tom Terpstra, de ôfstân fan de bushalte oant De Folkshegeskoalle is sa’n 300 meter. Yn Hoarne binne in strânpaviljoen, 3 restorants, in restorant mei in grutte boarterstún, in bernebuorkery en aardich winkeltsje dat fan alles ferkeapet, ‘Ben van Alles’. Op rinôfstân fine jo it bekendste kafé fan Skylge fan de eilanner sjonger Hessel en syn dochter Tess. Op goed 2 kilometer fine jo de earste supermerk, de Spar yn Lies. As de supermerk iepen is, kinne jo dêr pinne. Oars kin dat by de Rabobank yn Midslân. 

Unyk plak Folkshegeskoalle

De Folkshegeskoalle leit op in bysûnder moai plakje yn de gloaiende bosk fan Hoarne. It is 5 menuten fytsen nei t strân, of in kertierke rinnen. Nei it wad is it eefkes fierder.  folkshegeskoalle totaal, kan op homepage Op rinôfstân fine jo in prachtige natuergebiet de Koegelwieck, grinzend oan de bosk. It lânskip yn eastlike rjochting, is ien grut dúngebiet. Dat gebiet grinst oan de Boschplaat, in Europeesk natuergebiet fan 12 kilometer lang oant de eastlike einpunt fan Skylge. Hjir hawwe de natuer, de fûgels en it tij it foar it sizzen. Fanôf de Folkshegeskoalle leit dit allegear yn hânberrik. Sjoch ek yn ús fotoalbum foar foto’s fan de omjouwing fan de Folkshegeskoalle