Wat is Folkshegeskoalle Schylgeralân?

 

1946

Deelnemers aan het eerste kamp in 1946

De Folkshegeskoalle bestiet sûnt 1948. Al goed 60 jier komme gasten nei dit bysûndere plak yn de Skylger bosk, om oaren te moetsjen, har te ûntjaan en har thús te fielen by it Fryske mienskipsgefoel. De Folkshegeskoalle is krek nei de oarloch ûntstien út de Fryske Jongerein. Stichting Schylgeralân waard oprjochte nei de Twadde Wrâldoarloch, krek as in soad oare folkshegeskoallen yn Nederlân, mei ynspirearre troch it foarbyld fan de earste folkshegeskoalle yn Nederlân, Allardseach yn it Fryske Bakkefean. De Folkshegeskoalle Schylgeralân hat altyd ûnôfhinklik west fan subsydzje en is no noch de iennige en lêste folkshegeskoalle fan Nederlân. Tsjintwurdich komst hjir om even hielendal ta dysels te kommen, yn alle rêst it kontakt te belibjen mei dyn kreativiteit, de natuer, oaren… yn wêzen is der net safolle feroare.

 

Resinsjes: ‘De Volkshogeschool in Nederland 1925 – 2010’

It boek ‘De Volkshogeschool in Nederland 1925 – 2010’ (Maarten van der Linde en Johan Frieswijk) giet oer de ûntjouwing fan folkshegeskoallen yn Nederlân. Dizze twa boekresinsjes gean oer de Folkshegeskoalle Schylgeralân: ‘Het volk leert’, Het Parool, 5 december 2013, en ‘Volkshogescholen gingen ten onder aan subsidies’, Friesch Dagblad, 11 januari 2014.

De iere jierren

bunker2

Ien fan de bunkers

Al foar de oarloch wiene der ferskate Fryske kursussen op Allardseach. En der wiene goede kontakten tusken de lettere direkteur fan Schylgeralân, Halbe Doele en de ynspirator fan Allardseach, Jarich van der Wielen. Dat hat sûnder mis bydroegen ta de ûntjouwing fan de Folkshegeskoalle op Skylge.

Dat jilde ek foar it earste nei-oarlochske kamp fan it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein, dat yn 1946 hâlden waard yn de Wierskún op Skylge, by Easterein. Der dienen mear as 100 jonge minsken oan mei, it wie in grut sukses. Dat kamp wie in foarboade fan de noch op te rjochtsjen Folkshegeskoalle. In pear jier letter, doe’t nei bettere húsfesting socht waard, fûn Gryt Doele, de frou fan de earste direkteur fan Schylgeralân, it bunkerkompleks op it plak fan de hjoeddeiske Folkshegeskoalle.

DSC00006

Dielnimmers nei-oarlochsk kamp

Dy delsetting mei sjittoer wie ûnderdiel fan de ‘Atlantikwal’. De bunkers wiene nei de oarloch leechhelle, der wie gjin wetter, elektrisiteit of kezyn mear te bekennen. De yntusken oprjochte Stichting Skylgeralân koe it kompleks yn 1948 keapje fan it Ryk, nei oerlis mei it buro ‘Oorlogsbuit’ dat ressortearre ûnder it Ministearje fan Finânsjes. De keapsom wie 500 gûne. Stichting Skylgeralân hie as doel it stichtsjen en yn stân hâlden fan in sintrum foar Frysk kultureel wurk.
Schylgeralân wie in moetingsplak foar jongerein. It earste besykjen om Frysk te propagearjen op Skylge foel net altyd yn goede ierde. In protte frijwilligers brochten de bunkers wer yn bewenbere steat en sa waard it kompleks geskikt makke foar kursuswurk.

By de yngong fan de ytseal stiet de geweldich grutte ‘itensiederspot’ fan doe. Der steane no planten yn. Dy itensiederspot bringt de tiid fan ein jierren fjirtich yn ‘t sin, doe’t de pioniers sawat sûnder foarsjennings it iten klear makken foar de hurde wurkers en wurksters.

Werom yn de tiid

hdoele

Halbe Doele, de earste direkteur fan Schylgeralân

De earste folkshegeskoalle yn Nederlân, Allardseach, hie as doel in bydrage te leverjen oan de fernijing fan de folkskultuer en it fersterkjen fan de folksmienskip. Under de Twadde Wrâldoarloch kaam it folkshegeskoalle-wurk sawat stil te lizzen, mar nei de oarloch hiene se it tij mei. der wie ferlet fan moeting en ûntjouwing. Guon folkshegeskoallen binne net tafallich koart nei de oarloch oprjochte.

Fan it begjin ôf oerhearsket it regionale tinken yn de folkshegeskoallen, wat dat oanbelanget past Schylgeralân goed yn dy tradysje. De Nederlânske folkshegeskoallen binne ynspirearre troch de Skandinavyske tradysje. “De Volkshogeschool-gedachte is afkomstig van de Deense schrijver en predikant Grundtvig (1783-1872), die zich afzette tegen het opkomend rationalisme, liberalisme, materialisme en de verstedelijking. (…) Pas rond 1930 vond deze gedachte ingang in Nederland, vooral als gevolg van de massale werkloosheid en klassetegenstellingen”. (Mr. C.Stapel, Bakkeveen 1999) Noch altyd riede Skandinavyske folkshegeskoallen jongerein ta op de maatskippij, oanslutend op in ferfolchstúdzje.

De fyftiger, sechstiger en santiger jierren

vhs2

Frijwilligers brochten de bunkers yn bewenbere steat

Yn de fyftiger en sechstiger jierren waarden in soad ‘kampen’ hâlden: it Peaskekamp, it jierslutingskamp, it simmerkamp, it stúdzjekamp, it keatskamp. In protte pommeranten út de Fryske beweging diene geregeld mei oan dy kampen. We neame hjir: Jan Piebenga, haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, skriuwer Fedde Schurer, dichter D.A.Tamminga, de lettere prof. Fryske taal- en letterkunde Tony Feitsma, Anne Vondeling, de bekende PvdA-politikus, en noch in hiel soad oaren. Fan mids santiger jierren ôf waarden jierrenlang Fryske toanielwiken hâlden op de Folkshegeskoalle. Der besteane noch altyd simmerkampen op de Folkshegeskoalle, simmerwiken foar bern fan 9 oant 15 jier.

De earste direkteur Halbe Doele waard yn 1962 opfolge troch Betze Stienstra. Hy joech op tige goede wize lieding oan Folkshegeskoalle Schylgeralân, oant 1995.

DSC00013

Keninginne Beatrix iepenet De Brêge

 Arsjitektuer

Yn de santiger en tachtiger jierren is de Folkshegeskoalle útwreide. De bekende arsjitekt Gunnar Daan hat de hjoeddeiske Skandinavysk oandwaande gebouwen ûntwurpen dy’t boppe-op de bunkers boud waarden. de natuerlike lizzing fan de Folkshegeskoalle komt dêrtroch goed ta syn rjocht. Yn 1987 is it lêste gebou De Brêge derby boud. It is om in dún hinne boud, mei alve twapersoanskeamers en op de boppeferdjipping in rûne ljochte konferinsjeseal. Keninginne Beatrix hat De Brêge iepene.

Van twa nei ien

Organisatoarysk hawwe der lang twa stichtingen bestien: Stichting Schylgeralân dy’t de gebouwen yn besit hie en de befreone Stichting Folkshegeskoalle dy’t in protte aktiviteiten organisearre. Gearwurking tusken beide stichtingen kaam sa faak foar dat de fúzje yn 1987 de útkomst wie fan in natuerlik proses. Dy yntegraasje krige offisjeel syn beslach mei it nije stichtingsstatút  út 1991.

Unôfhinklik en iepen

Fan it begjin ôf hat Folkshegeskoalle Schylgeralân derfoar keazen om as stichting gjin strukturele subsydzje te ûntfangen. Doetiidske bestjoersleden hawwe wat dat oanbelanget nea yn it helter fan oerheidssubsydzjes rinne wold. De folkshegeskoallen dy’t wol subsidiearre waarden, krigen om 1990 hinne alderhande fúzjes en reorganisaasjes oer har hinne en hellen it faak net. Nei alle gedachten is dy selsstannichheid fan it earste begjin ôf de reden dat Folkshegeskoalle Schylgeralân no de iennige folkshegeskoalle is dy’t noch bestiet. De Folkshegeskoalle hat in Fryske identiteit. Dat uteret him ûnder oaren yn it organisearjen fan kursussen op it mêd fan Fryske taal en kultuer.

Direksjes nei 1995: Betze Stienstra waard yn 1995 opgfolge troch Jantsje Sikma, sy is yn 1998 opfolge troch Atze en Ruth Zuiderveld. Yn 2000 is Klaske Jaspers-Hazenberg ta direkteur beneamd, sy hat direkteur west oant july 2014.

Klaske Jaspers

Klaske Jaspers

Fan 2000 oant hjoed

Sûnt 2000 is it tal kursussen en wurkwinkels fan de Folkshegeskoalle útwreide fan sa’n 20 nei 30 programma’s. De kursussen en wurkwinkels binne yndield yn fjouwer kategoryen: kreative kursussen, natuer, meditaasje/besinning en Fryske taal/kultuer. De Folkshegeskoalle komt mei syn aktiviteiten mear nei bûten ta as yn it ferline. It sechstichjierrich jubileum fan de Folkshegeskoalle yn 2008 is breed fierd.
Binnen de fernijing lykas de webside en de aktiviteiten op ynternet, is de oarsprong fan de Folkshegeskoalle oanwêzich bleaun. Jeugd komt rûnom wei nei de Fryske Simmerkampen, freonen stypje harren Folkshegeskoalle as fan âlds en frijwilligers soargje foar de putsjewike yn maart.

De Folkshegeskoalle is derop rjochte om de takomst grien en durosum te meistjen. Dat past by de Folkshegeskoalle mei syn unike hiem yn de bosk fan Hoarne tusken it natuergebiet de Koegelwieck en de Boschplaat yn.

Putjesploech 2006 056

De Putsjeploech fan 2006


IMG_0651

Amarins Geveke nije direkteur Folkshegeskoalle

It bestjoer fan de Stichting Fryske Folkshegeskoalle Schylgeralân hat Amarins Geveke per 1 july 2014 beneamd ta nije direkteur fan de Folkshegeskoalle.

Dokumentêres Folkshegeskoalle

Simmer yn Fryslân 2010: op 19 augustus 2010 is der in nijsgjirrich programma útstjoerd oer de Folkshegeskoalle by Omrop Fryslân:  Sjoch hjir de dokumentêre fan Omrop Fryslân