Duorsemheid, mvo en ekotoerisme op de Folkshegeskoalle

We besykje de Folkshegeskoalle duorsem en miljeufreonlik te meitsjen. Dat hâld ek ferbân mei it saneamde ekotoerisme. It giet dêrby om lytsskalich toerisme sadat ek de nije generaasje fan de plek genietsje kin. Ekotoerisme hat as doel dat miljeu, natuer en lânskip net oantaaste wurde. Boppedat stimuleart ekotoerisme de pleatslike ekonomy. Dat binne no krek saken dêr’t de Folkshegeskoalle har foar ynset. It ûnderwerp stiet konstant op ús aginda en sûnt 2010 foldogge wy oan de betinksten fan in miljeukeurmerk ECEAT (Europees Centrum voor Eco en Agro Toerisme).

Wat is der berrikt op de Folkshegeskoalle

we wurkje der hurd oan om duorsem en miljeufreonlik te wêzen en hoeden om te gean mei it lânskip en de natuer. Dêr hawwe wy ûnder oare it folgjende foar dien:

De list is net folsein en we wurkje der hyltyd fierder oan.

It gebrûk fan bilogyske en lokale produkten binne in wichtich ûnderdiel fan duorsem ûndernimme. Wij brûke dêrom safolle mooglik farske en biologyskeprodukten. sa is al ús kofje, tee, molke, yoghurt, sûpe, sapkes en wyn biologysk. We meitsje gebrûk fan lokale spesjaliteiten yn it iten lykas tsiis, cranberry’s en gasten krije gauris in stikje pondkoek of potjekoek by de kofje.