Kulturele ANBI

Sûnt 2012 is de Folkshegeskoalle oanwiisd as Culturele ANBI (Algemeen Nut Beogende Instelling). Dat is in ynstelling dy’t foar tenminste 90% actyf is op kultureel mêd.
Namme ynstelling:
Stifting Fryske Folkshegeskoalle Schylgeralân
RSIN of fiskaal numer: 0029.99.250
Post- en besikersadres fan de ynstelling: Badwei Hoorn 11 8896 KC Hoorn Terschelling
Tillefoan: 0562-448954
e-mail: info@folkshegeskoalle.nl
webside: folkshegeskoalle.nl
Doelstelling fan de ANBI “De stichting hat as doel: it fuortsterkjen en de útbou fan de Fryske kultuer en mienskip ta algemien nut en fierder alles dat mei ien en oar streekrjocht of sydlings ferbân hâldt of dêrta befoardlik wêze kin, alles yn de romste sin fan it wurd. De stifting sil net hokfoar geastlike of politike rjochting foarstean of fertsjintwurdigje.” Haadlinen fan it beliedsplan (2010-2014) Motto: “Frysk fan oarsprong, grien fan natuere, jong fan geast, rom fan hert” “Befoarderje fan de sosjale gearhing tusken minsken fan ferskillende komôf” “De Folkshegeskoalle griener en duorsemer meitsje” “Oanslúte by fergriizing, kontakten lizze mei Friezen om útens” “Kontakten lizze mei de HOVO-organisaasje (Hoger onderwijs voor Ouderen)” “Mear klam op natueredukaasje” “Programma’s bekind meitsje fia sosjal media”

Bestjoersgearstalling

Foarsitter: Nynke Beetstra
Ponghalder: Geerling Schippers
Sektaris: Anna Bouma
Leden: Mirjam Hermanides, Liesbeth Weinans, Wolter van der Berg

Beleaningsbeleid

-de bestjoersleden krije gjin beleaning, allinne de reiskosten wurde fergoede.
-de dereksje krijt in salaris neffens de Cao Wolwêzen.
-de meiwurkers krije salaris neffens de Cao Horeka

Ferslach fan aktiviteiten

Alle jierren wurde sa’n 25 oant 30 programma’s organisearre op it mêd fan kreativiteit, natuer, besinning en (Fryske) taal en kultuer.

Der wurdt sûnt jierren wurke oan ferduoseming en enerzjybesparing troch de rúten te ferfangen troch dûbel glês, wetterbesparjende húskes, griene enerzjy fan Green Choice, ledferljochting, iepenbiere ferljochting op bewegingsmelders en wetterbesparjende dûskoppen. Fierder freegje wy de gasten om hoeden om te gean mei it gebrûk fan de handoeken. En we brûke foar alles recycled papier.
Fierder dogge wy graach saken mei lokale bedriuwen. Yn de keuken wurdt safolle mooglik gebrûk makke fan farske produkten fan it eilân en fan biologyske produkten. Ús kofje, tee en sapkes binne biologysk.

Finansjele ferantwurding: De Folkshegeskoalle Schylgeralân is in non–profit organisaasje. De jierrekken wurdt makke troch in accountant.