Nije kursussen 2017 online

Nije kursussen 2017 online

It nije jier komt fluch tichterby, en dêrmei ek jim winsken om fêst te witten wat we allegear organiseare yn 2017.
Lykas ús fêste gasten went binne, wurdt de nije folder rûn de kryst besoarge mei dêryn it komplete oersjoch fan ús nije kursusoanbod.
Om’t we ek yn febrewaris en maart al in soad kursussen oanbiede, wolle we no net langer wachtsje en hawwe we fêst alles op de webside pleatst. Jim kinne nof fêst alles besjen en jim kinne jim opjaan foar in kursus yn de maitiid of de simmer.

We hoopje dat der wat foar jim bysit! Foar de kursus Kom en Sjong starte we de ynskriuwing nei de besoarging fan de folder, om sa elk in gelike kâns te jaan op de meast populêre keamers.

At der fragen binne, dan sitte Jetty en ik foar jim klear!

Graach oant sjen op de Folkshegeskoalle
Groetnis Amarins