Aginda

Al ús kursussen op in rige

Yoga simmerfakânsje 20-25 aug 2017

Puer genietsje fan yoga, it eilân, de see en de simmer. De fakânsje om dyn hert te folgjen. In fakânsje om frisse enerzjy op te dwaan en te genietsjen fan ús suvere natuer. Under de entûsjaste lieding fan Peter van der Burg fan Yogaterschelling, sertifisearre yogadosint. Joga mei oandacht foar beweging, hâlding, sykheljen en meditaasje. […]

Kreatieve wurkwinkel foar alders en bern 14 en 15 augustus 2017

Wolst graach mei dyn bern in kreative en learsume wurkwinkel folgje? Dan is ‘eilân ferhalen skilderje’ wat foar jim. Dosente Sanne van der Horst fertelt bysûndere eilânferhalen, dy weromkomme yn it keunstwurk. De folwûksenen wurkje oan it skilderen fan in lânskip. Stap foar stap learst hoe’st djipte suggereare kinst. Hoe brûkst kleur, en fral hoe […]

Fûgels yn de maitiid 12-14 maaie 2017

De maitiid op Skylge is in fassinearjende tiid foar de fûgeler. Oft jo no in bedreaun leafhawwer binne of begjinner, der is fan alles te belibjen. Oan it begjin fan de briedtiid sjonge fûgels om harren territoarium ôf te beakenjen. Yn de bosk de bekende readboarst, tsjiftsjaf en bûnte lyster, yn it dún de sakrekt […]

Koorwykein klassyk 17-19 maart 2017

In wykein foar koarsjongers dy’t in soad wille ha oan yntensyf studearjen, mei as ôfslúting op de snientemiddei in útfiering yn de tsjerke fan Hoarne. Op it programma dit jier stiet útdaagjend wurk fan Bob Chilcott: Five Days that Changed the World. Yn it wykein studearre de dielnimmers hjir 4 dielen fan. Komponist Bob Chilcott […]

Aginda

Sjoch hjir foar it oersjoch fan ús kursussen