Introduksjekursus ferhalen fertelle yn novimber

Introduksjekursus ferhalen fertelle yn novimber

De Vertelacademie organissearret dit jier in yntrduksjekursus ferhalen fertelle op de Folkshegeskoalle. Nei in jierrenlange tradysje fan in trijedaagse kursus foar mear fordere fertellers, hawwe we dit jier, yn it wykein fan 24 novimber, in kursus foar de begjinnende ferteller.
Ferhalen fertelle is de keunst om dyn publyk mei te nimmen yn de wrâld fan it ferhaal. Dêrby set de ferteller it ferhaal nei syn eigen hân, troch it ferhaal moaier of sterker te meitsjen of oan te passen oan it plak dêr’t it ferteld wurdt. Yn dizze trijedaagse wurdt wurke oan byldzjend fertellen, ymporvisaasje, fantasije, kreativiteit en ekspresje.

It eilân, it lûd fan de see en it winterske bosk sille trochrinnend in inspraasjebron wêze bij it fertellen fan ferhalen. Koartsein in wykein mei sfear en goeie fersoarging op in prachtich plak.

Foar mear ynformaasje en ynskriuwen: http://folkshegeskoalle.nl/course/introductiecursus-verhalen-vertellen-24-26-november/