Der efkes út, in wykein, in wike of langer: dat kin by ús hiel goed. As jo in plak midden yn de natuer winskje, yn de Hoarnske bosk, op rinôfstân fan strân en Waad, binne jo by ús fan herte wolkom. Ek it sfearfolle doarp Hoarne mei de âldste tsjerke fan it eilân, in ferskaat oan restaurants, it ferneamde muzykkafee fan Hessel en de winkel Ben van Alles, leit op in rinôfstân fan 5 à 10 minuten. Jo kinne by ús kieze út ferskate mooglikheden.
In romme twapersoanskeamer (Brêge) lykfliers is in belibbenis, want jo túndoar komt rjochtstreeks út op de bosk. Of jo kieze foar in sfearfol appartemint Koai of Stjûne mei eigen itensiedersgelegenheid en tv.
Ek de lytsere keamers yn It Roefke binne tige geskikt foar in ferbliuw allinne of mei it gesin. Troch de nije fleksibele stapelbêden binne de keamers te brûken foar twa, of mear minsken.

Reserveren   Prijzen