Iepening eksposysje Folkshegeskoalle Schylgeralân

Iepening eksposysje Folkshegeskoalle Schylgeralân

Op de Folkshegeskoalle Schylgeralân (FHS) is in oersjocheksposysje ynrjochte oer de skiednis fan de Folkshegeskoalle en de bysûndere lokaasje dêr’t de FHS al hast 70 jier weardefolle kursussen en fakânsjes biedt.

De FHS is de lêste folkshegeskoalle fan Nederlân. Gasten witte net altyd mear wêr’t in folkshegeskoalle foar stiet. Yn de eksposysje fertelle we it ferhaal oer de idealen en de doelstellings fan dizze Fryske Folkshegeskoalle. Der is omtinken foar it ûntstean, de skiednis en foar de takomst fan de Folkshegeskoalle op Skylge. De eksposysje is mei realisearre tanksij it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje Fryslân.

Bunkers
De FHS is húsfeste yn in earder bunkerkompleks út de Twadde Wrâldoarloch. Yn dy bunkers fine jo no de ytseal, sliepsealen en twa apparteminten. Ek de âlde sjittoer is yn gebrûk as gasteferbliuw. Boppe-op de bunkers is begjin jierren 80 in útwreiding boud, ûntwurpen troch arsjitekt Gunnar Daan.

Identiteit
Al sûnt it begjin yn 1948 wurde der simmerkampen organisearre foar Fryske bern. Dy gesellige, aktive kampen foarmje noch altyd in wichtich ûnderdiel fan it jierprogramma. Dêrneist binne der jierliks sa’n 30 kursussen op it mêd fan natuer, (Fryske) kultuer, besinning en kreativiteit. De aktiviteiten binne tagonklik foar elkenien, mei of sûnder oernachting yn de Skylger bosk.

Útnûging
Mei de eksposysje wolle we al ús eigen gasten ynformearje oer de FHS. Mar ek eilanners en oare toeristen binne wolkom om eefkes te sjen op dizze prachtige lokaasje mei syn unike identiteit.

De eksposysje is alle dagen frij te besjen tusken 9 en 18 oere.

Iepening

Op 6 juny om 17.00 oere is de offisjele iepening fan de eksposysje yn it Bopperom fan de Folkshegeskoalle oan de Badwei yn de Hoarnske bosk op Skylge. By dy iepening is der noch in ferrassing: by it opromjen fan âlde argyfmaterialen kamen we twa hiele âlde telefoans tsjin út de bunkerperioade. Ien fan dy telefoans is in bysûnder ûnderdiel wurden fan de eksposysje. De oare langje we op dy dei graach oer oan de Stichting Bunkerbehoud Terschelling.