‘Fûgels yn de maitiid’ ferset nei 12-14 maaie

‘Fûgels yn de maitiid’ ferset nei 12-14 maaie

De kursus ‘Fûgels yn de maitiid’ mei Arie Ouwerkerk is ferset nei it wykein fan 12 oantemei 14 maaie 2017. Dizze kursus soe earst hâlden wurde yn it wykein fan 19 maaie, mar moast troch omstannichheden ferset wurde.

De maitiid op Skylge is in fassinearjende tiid foar de fûgeler. Oft jo no in bedreaun leafhawwer binne of begjinner, der is fan alles te belibjen. Oan it begjin fan de briedtiid sjonge fûgels om harren territoarium ôf te beakenjen. Yn de bosk de bekende readboarst, tsjiftsjaf en bûnte lyster, yn it dún de sakrekt út Afrika weromkearde gerssjonger mei syn karakteristike snoarjende sang, of it ferneamde lûd fan de geale. Yn de polder hawwe ús greidefûgels it heechste wurd wylst op it waad grutte groepen rosse skriezen en rotguozzen harren klear meitsje foar de reis nei Sibearje. Tegearre mei ús eigen fûgeler Arie Ouwerkerk sykje jo dat alles op.

Priis folpension fan €178,- ôf, ynklusyf fytshier

Inschrijven voor dit vogelweekend