Ekstra wykein Ierske en Skotse lieten sjonge yn november

Ekstra wykein Ierske en Skotse lieten sjonge yn november

Us dosinte Jildou Talman komt yn novimber nochris nei Skylge foar in sjongwykein Ierske en Skotse lieten sjonge. It wykein sil plakfine fan 18 oantemei 20 novimber. De belangstelling foar dizze sjongwykeinen is grut. Der hat him al in mannekoar opjûn foar it wykein, mar der is wis plak foar mear dielnimmers. Dat, ast sin hast yn in wykein sjonge, gesellichheid by de iepen hurd en in hjerstkuier oer it eilân, jou dy dan no op!

Ierlân en Skotlân hawwe in rike liet-tradysje. Oer bloedige histoarje, ferlerne leafdes, skelmske streken of moaie natuer. Betsjoenende meldijen, dreamerige akkoarden, weemoedige ferhalen, prachtige ballades. Wy leare de lieten fanôf it gehoar, tekst of blêdmuzyk. Wy sjonge se mearstemmich, yn ferskate besettingen. Genietsje!
Foar dizze wurkwinkel is koarûnderfining in winsk en toanfêstheid in betingst.
En bist in bytsje handich op in instrumint? Meinimme!
In wykein fol entûsjast sjongwille.

Priis folpension:
€ 202,- twapersoanskeamer Brêge, €182,- twapersoanskeamer Roefke
€ 162,- sliepseal Roefke