Unôfhinklik tinke - filosofearje dochst sels 20-24 feb 2017

STARTDATUM:
20/02/2017
PERIOADE:
4 nachten
TEMA:
besinning

Moanne

Februari

Unôfhinklik tinken is in kursus wêryn’t dielnimmers útnûge en oanmoedige wurde om sels nei te tinken. Filosofy sa’t filosofy eigentlik bedoeld wie. Tsjintwurdich is der in frjemd gebrûk fan it wurd filosofy. In filosoof is immen dy’t in soad wit fan it wurk fan oare filosofen, lykas Socrates, Nietzsche, Heidegger ensfh. Mar dat is eigentlik in filosofolooch. Sjoch it ferskil tusken in muzikant en in musikolooch. De lêste is immen dy’t in soad wit fan muzyk, mar de muzikant is dejinge dy’t sels muzyk makket. En dat jildt ek foar de filosoof yn de oarspronklike betsjutting. Dat is immen dy’t sels it tinkproses ynstapt. Yn dizze wike leit de klam dus op it eigen tinken. Dielnimmers wurde derop ferge fragen te stellen en sels mooglike antwurden te betinken. Der is dus foaral oandacht foar wat yn de filosofy de Undersykjende Faze neamd wurdt, de meast ynteressante faze eigentlik, wêrby’t letter de Krityske Faze, it ûndersykjen fan de antwurden op harren jildichheid (logika, argumintaasje, ensfh.) fansels ek oan bod komt.

Dizze kursus wol minsken derta oansette om it eigen tinken mear serieus te nimmen, en foaral ek om it plezier fan it eigen tinkproses op ‘e nij te ûntdekken. Hokker fragen boeie ús? Hokker tema’s soene we graach ûndersykje wolle? En sels as der net direkt fragen yn ús nei boppen komme, dan kinne we ûntdekke dat foarfallen dy’t ûnskuldich lykje, liede kinne ta in boeiend tinkproses…

It programma spilet him foar it grutste part moarns ôf, wêrby’t der ek gebrûk makke wurdt fan weromkom-mominten. lykas inkele neimiddeis en mooglik ien of twa jûnen om ús fierder te ferdjipjen. Fansels is der ek romte om te genietsjen fan de omjouwing en romte wêryn’t sels neitocht wurde kin 🙂

Nei ôfrin krije de dielnimmers in e-book ferzje fan it boek “Onafhankelijk Denken” (Utjouwerij Actua), skreaun troch Marc Brookhuis.

Priis €475 op basis fan folpensjon

Dosint Marc Brookhuis wurket as zen-learaar, mental coach en mindfulness-trainer en hat in eigen bedriuw, dat 4 & 2 hjit. Hy is aktyf op it mêd fan de poadiumkeunsten, û.o. mei klassike operasjongers mei in protte omtinken foar mentaal mar ek fysyk bewustwêzen. Ek jout er lêzingen en workshops oer easterske mar ek westerske filosofy. Ta beslút is Marc Brookhuis auteur fan ferskate boeken oer zen, mindfulness en filosofy.