Skylge yn hjerstkleuren 23-27 okt 2017

STARTDATUM:
23/10/2017
PERIOADE:
5 nachten
TEMA:
Kreatyf

Moanne

Oktober

In hjerstwike skildere en sketse op it eilân mei syn kleurferoarings fan de natuer en ljochtynfallen yn de bosk, de moaie lege hjerstsinne op it strân en it prachtige ljocht op it waad, en de  driigjende hjerstluchten binne de eleminten fan it eilân.
Begjinners en betûften besykje dit fêst te lizzen yn ferskate techniken, lykas patselkryt, akryl en akwarelferve. De teory fan de technyk, kleurenlear en komposysje dogge we binnen yn ús atelier en dêrnei besykje we safolle mooglik bûten te wurkjen, te sjen en te fotografearjen om dêrnei de ûntwerpen út te wurkjen yn it atelier. In yntensive hjerstwike mei al syn kontrasten, sfear en ek de tiid foar ferdivedaasje.
www.jaapket.nl
Priis folpension: € 522,- twapersoanskeamer Brêge, € 472, – twapersoanskeamer Roefke, € 422,- sliepseal Roefke