Piter Wilkens wykein 24-26 maart 2017

STARTDATUM:
24/03/2017
PERIOADE:
wykein
TEMA:
Kreatyf/sjonge

Moanne

Maart

Gesellich in wykein op stap mei Piter Wilkens en (oare) fans? Yn dit wykein kinne dielnimmers trije dagen lang genietsje fan e muzyk en gesellichheid dy’t dizze topartiest mei him meibringt.
It wykein begjint op freed mei in kennismaking ein fan e middei, diner en jûns in intiem húskeamerkonsert yn in smûk sealtje fan e Folkshegeskoalle. De oare dei nimt Piter jim mei foar in konsertsje yn e bûtenloft. Sneontejûns is der in konsert yn it Bopperom dêr’t ek minsken fan bûten wolkom binne. Piter sil fansels syn âldste en nijste ferskes sjonge, mar hy fertelt ek moaie ferhalen en sil spesjaal foar dit konsert syn publyk op in bysûndere wiize belûke by syn sjongen.

Der wurdt dus ek fan de dielnimmers wat ferwachte, sa fertelt Piter: ” Sjonge is sa âld as de mins sels. It is in natuerlike foarm fan ekspresje dy’t it tichtst by de minske stiet. Krekt as dûnsjen. Lytse bern sjonge en dûnsje altyd. Elkenien kin sjonge. De ien wat better as de oare, mar it sit der by ús allegearre yn. De iene ûntwikkelt it, de oare net. Gek, dat wat âlder minsken wurde, sy minder dûnsje en sjonge. Guon sizze al gau: ‘Dat kin ik kin net’. Mar: ‘Ieder vogeltje zingt zoals het gebekt is’. Elk minske is unyk, elke stim bysûnder. Yn oare kultueren, foaral oer folken, heart dûns en muzyk gewoan by it deistich bestean. Ferskate ûndersiken ha oantoant dat sjonge ek sûn is. Dus, der moat mear songen wurde!  Ik ha wat ferskes útsocht dy’t elkenien ken en sa meisjonge kin. Frysk, Nederlânstalich, Top-40 en oar ferskaat. De teksten dêrfan wurde útdielt en sa kin elk dy’t wol, meisjonge. Ek hiel gesellich, liket my.”

Priis op basis fan folpension fan €200,- ôf.