Koorwykein klassyk 17-19 maart 2017

STARTDATUM:
17/03/2017
PERIOADE:
wykein
TEMA:
Kreatyf/sjonge

INSTRUCTEURS:

Moanne

Maart

In wykein foar koarsjongers dy’t in soad wille ha oan yntensyf studearjen, mei as ôfslúting op de snientemiddei in útfiering yn de tsjerke fan Hoarne.
Op it programma dit jier stiet útdaagjend wurk fan Bob Chilcott: Five Days that Changed the World. Yn it wykein studearre de dielnimmers hjir 4 dielen fan.
Komponist Bob Chilcott nimt ús mei op in reis by histoaryske mominten del: de útfining fan it printsjen fan boeken, de ôfskaffing fan slavernij, it motorysk fleanen, de ûntdekking fan peniseline. Musyk en tekst fulle mekoar prachtich oan, sadat we yn elts diel in libben ferhaal te hearren krije fan de haadpersoan.
Dêrnjonken sjongt it koar in oantal hjoeddeistige komposysjes:
The Flight Song van de jonge Noorse componist Kim Anbdré Arnesen,
Love Divine van de Brit Howard Goodall en Muusika van de 29 jarige Est, Pärt Uusberg.
De pianobegelieding is yn hannen fan in tige betûfte pianist: Rudi Kaldenberg.
Dielnimmers krije yn tarieding op it koarwykein de bledmusyk tastjoerd. Op fersyk kin ek in seedee besteld wurde om te oefenjen. By it ynskriuwen graach de stimsoart opjaan.

Priizen folpension
€ 223,- twapersoanskeamer Brêge,
€ 203,- twapersoanskeamer Roefke,
€ 183,- sliepseal Roefke