Ierske en Skotse lieten sjonge 3-5 febrewaris 2017

STARTDATUM:
03/02/2017
PERIOADE:
wykein (2 nachten)
TEMA:
Kreatyf/sjonge

INSTRUCTEURS:

Moanne

Februari , Oktober

Ierlân en Skotlân hawwe in rike liet-tradysje. Oer bloedige histoarje, ferlerne leafdes, skelmske streken of moaie natuer. Betsjoenende meldijen, dreamerige akkoarden, weemoedige ferhalen, prachtige ballades. Wy leare de lieten fanôf it gehoar, tekst of blêdmuzyk. Wy sjonge se mearstemmich, yn ferskate besettingen. Genietsje!
Foar dizze wurkwinkel is koarûnderfining in winsk en toanfêstheid in betingst.
En bist in bytsje handich op in instrumint? Meinimme!
In wykein fol entûsjast sjongwille. Dit wykein wurdt ek organisearre op 20 oktober!

Priis folpension:
€ 202,- twapersoanskeamer Brêge, €182,- twapersoanskeamer Roefke
€ 162,- sliepseal Roefke