Hjerstwykein Zen

PERIOADE:
lang wykein (3 nachten)
TEMA:
besinning

Moanne

Oktober

Mear enerzjy en rêst, bettere konsentraasje en mear yn it hjir en no wêze. Dat is wat Zen meditaasje foar dy opleverje kin. Dizze hjerst organiseare we in lang wykein Zen op de Folkshegeskoalle, fan freed oantemei moandei. It wykein kin sjoen wurde as in ferfolch op de yntroduksjekursus dy’t alle jierren yn de simmer jûn wurdt. Mar dat net allinne, de kursus is geskikt foar elts dy’t wat ûnderfining hat mei (Zen)meditaasje en dat ferdjippe wol, mar ek op untspannen wiize fierder yngean wol op de ûnderfining fan Zen. Moarns en jûns wurdt der mediteard; de middei is frij om te genietsjen fan de rêst en pracht fan it eilân.