Hantwurkje mei Projket JERN 13-15 okt 2017

STARTDATUM:
13/10/2017
PERIOADE:
wykein (2 nachten)
TEMA:
Kreatyf

Moanne

Oktober

In wykein lang dwaande wêze mei dyn hannen. Breidzje, hake, filtsje, spinne, borduere of watst mar wolst. Gjin kursus, gjin les, mar lekker oan ’e slach. Gesellich mei in groep, mar op dyn eigen nivo en yn dyn eigen tempo. En falle der stekken of raffelje der rântsjes? Gjin probleem, dat losse we mei-inoar op.
Komst thús ek tiid tekoart? Hast it drok mei wurk, bern, soarch of oare ferplichtings en komst net mear ta oan dyn hobbys fan eartiids? Gun dysels dan in ûntspannen hantwurkwykein op Skylge. Nim de hantwurkjes mei dy’t net ôf binne, set in nij truike op de priemmen of gean oan ’e slach mei nije materialen en techniken.
Tuskentroch is der alle tiid foar in hearlike strânkuier, in fytstocht oer it eilân of in besite oan de sfearfolle doarpen fan it eilân. Do bist baas oer dyn eigen tiid, der binne gjin ferplichtings.

Wa binne wy?
Karen Bies en Annelies van der Goot (beide út 1968) hawwe yn 2015 Projekt JERN betocht. Mei JERN wolle se beppes en memmen it plak yn de skiednis jaan dy’t se fertsjinje. Hoefolle hoazzen hawwe se wol net breide? Hoefolle sokken stoppe, truien breide, lekkentsjes borduerd? Mei harren warbere geskrep foarmen se it semint fan ús mienskip. Harren ambacht driget ferlern te gean, dêrom spant JERN him yn om de ferhalen en it hantwurkjen fêst te lizzen.

Yn it wykein wolle we foaral it sosjale aspekt fan it hantwurkjen fiere: mei-inoar oan it wurk en ferhalen en techniken útwikselje. Sûnder prestaasjedruk, gewoan lekker oan ’e slach. Karen en Annelies binne beide wurksum as sjoernalist. Karen wurket as nijspresintator by Omrop Fryslân, Annelies is haadredakteur fan Noorderbreedte. Beide stamme út echte hantwurkfamyljes. Annelies hat earder de learare-oplieding Tekstile Wurkfoarmen dien.