Fûgels yn de maitiid 12-14 maaie 2017

STARTDATUM:
12/05/2017
PERIOADE:
wykein
TEMA:
natuer

Moanne

Mei

De maitiid op Skylge is in fassinearjende tiid foar de fûgeler. Oft jo no in bedreaun leafhawwer binne of begjinner, der is fan alles te belibjen. Oan it begjin fan de briedtiid sjonge fûgels om harren territoarium ôf te beakenjen. Yn de bosk de bekende readboarst, tsjiftsjaf en bûnte lyster, yn it dún de sakrekt út Afrika weromkearde gerssjonger mei syn karakteristike snoarjende sang, of it ferneamde lûd fan de geale. Yn de polder hawwe ús greidefûgels it heechste wurd wylst op it waad grutte groepen rosse skriezen en rotguozzen harren klear meitsje foar de reis nei Sibearje. Tegearre mei ús eigen fûgeler Arie Ouwerkerk sykje jo dat alles op. (Arie Ouwerkerk hat in aktive Facebook side, facebook.com)

Priis folpension fan €178,- ôf, ynklusyf fytshier