Fotografie - lear better sjen en fotografearjen 8-12 mei 2017

STARTDATUM:
08/05/2017
PERIOADE:
4 nachten
TEMA:
Kreatyf

Moanne

Mei

Dizze fotokursus is in learsume kuiertocht oer ús prachtige eilân. Komst yn de kunde mei in mjuks fan technyk en komposysje. Gietst op paad mei dyn eigen kamera, allinne of yn in groepke en makkest de opdracht dy’t moarns bepraat wurdt. Jûns wurde de foto’s trochnommen, de technyk wurdt per dielnimmer besjoen, mei útliz oer de mooglikheden fan dyn digitale kamera. It swiertepunt fan de kursus leit by de fotografie sels. Der is in soad omtinken foar komposysje.

Dosinten Marianne Hart en Hans Kamstra binne werom op de Folkshegeskoalle mei dizze gesellige, learsume kursus. Se wenje en wurkje op Skylge en hawwe ferskillende priizen wûn foar harren foto’s. www.terschellingfoto.nl