Festival fan de leafde 23-26 des 2016

STARTDATUM:
23/12/2016
PERIOADE:
3 nachten
TEMA:
besinning

Moanne

December

Hâld fan dysels, hâld fan in oar!
Festival fan leafde is in lytsskalich besletten evenemint. Gaadlik foar minsken dy’t de krystdagen op in oare wize fiere wolle. Foar minsken dy’t bewuster yn it libben stean en beseffe dat krysttiid oer leafde giet. Wy biede hearlike ûntspannen workshops, noflik byelkoar wêze, fijne sfear, lekker iten, kuierje oan see. Fan 23 oant en mei 26 desimber hjitte wy dy graach wolkom op Skylge.  Mei Mariëtte Verhoef en Diana Bergsma.

“Sa’t al sein en poste is op FB, ik bin tige entûsjast oer it festival. It wie wier in ûnderdompeling yn leafde fan it begjin oant de ein. Hulde foar it hiele team! De lokaasje is ek prachtich, fijne sfear en tige goed fersoarge. Ingrid.”

It wurde hearlik ûntspannen en noflike krystdagen. Iepenstean foar en mei minsken dy’t by dy passe.

Wêrom? Wy helpe dy graach om dy iepen te stellen foar leafde en ljocht. Net allinnich do hast dat nedich, mar ek de wrâld om dy hinne. Ferbyn dy dus mei oaren! Sok ferbinen dogge we troch: byinoar te wêzen en mei-inoar te sjongen, te meditearjen, skilderjen, boetsearjen, kuierjen, de fjoerseremoanje, mindfulness te kommunisearjen en dûns, allegear hearlike workshops dy’t dy helpe om dy op ‘e nij te ferbinen mei dyn hert.

“Op dizze dei fan ôfsluting fan it festival sjoch ik werom op in festival fol beweging. In ryk ferskaat oan oanbod, ferstilling en yntins aktyf mei dûns, meditaasje, sjongen, natuer, iepenheid, ferbining. In unyk kado oan mysels. Hearlik.” Loes.

Graach sjogge we dy mei de krystdagen. Kom en genietsje fan de romte fan it wetter en de natuer op dit unike stikje Nederlân. Dyn ferbliuw op in prachtige lokaasje deunby see. Us oandacht en soarch foar de workshops, it byelkoar wêzen, de ûntspannen oerkes, it plezier en fansels it hearlike iten meitsje dit lytsskalige festival ta in moai gehiel.

“Wat in fijn, frij, ferbinend, fuorjend en ynspirearjend festival. Goede workhops mei begelieding Hearlike lokaasje, moaie ferskillende sealen om yn te wurkjen en noflik dat jo hieltyd nei bûten kinne.” Jolanda.

Us lytsskalige Festivals binne unyk, yntym, boartlik, noflik, profesjoneel, dêr’tst dyn hert yn iepenstelst foar dysels en de oar. Sweverich? Wolnee, gewoan lekker dwaan! Foar ynformaasje en opjefte: www.spirituelevakantiereizen.nl