Fersterkje dyn skriuwtalint 5-7 maaie 2017

STARTDATUM:
05/05/2017
PERIOADE:
wykein
TEMA:
Kreatyf/skriuwe/Frysk

INSTRUCTEURS:

Moanne

Mei

In kreatyf wykein om frisse ideeën op te dwaan

Wolst ferhalen of gedichten skriuwe of dochst dat al, mar hast wol ferlet fan wat stipe en fierdere ûntwikkeling? Hoe joust dyn wurk in poadium, yn tydskriften en by útjouwerijen? Yn dit wykein krijst tips hoest soks oanpakke kinst. Faaks hast ast al wat langer skriuwst, ferlet fan nije ynspiraasje. Hoe kinst dyn wurk opfrisse, nij libben ynblaze ast tinkst datst yn blokkades of rûtines fêstrinst. Us poëzy- en proazaoefeningen kinne dy dêrby helpe. Lit de Skylger wyn en natuer de holle leech blaze en besteegje in wykein oan it fersterkjen fan dyn eigen skriuwerskip mei teory en praktyk yn in ynspirearjende omjouwing. In goede behearsking fan it skreaune Frysk is moai meinommen, mar it is gjin probleem ast de taal wat minder yn de fingers hast. Kinst ek wurk meinimme wêr’tst in advys oer hawwe wolst.

 Piter Boersma is skriuwer en dichter en redakteur fan literêr tydskrift Ensafh. As útjouwer en redakteur is er belutsen by Utjouwerij Hispel.

Jelma Knol is ek redakteur fan Ensafh. Se hat tweintich jier redakteur Fryske literatuer west by útjouwerij Friese Pers Boekerij.

 Priis folpension:
€ 230,- twapersoanskeamer Brêge