Kreatieve wurkwinkel foar alders en bern 14 en 15 augustus 2017

PERIOADE:
2 dagen
TEMA:
creatief

Moanne

Augustus

Wolst graach mei dyn bern in kreative en learsume wurkwinkel folgje? Dan is ‘eilân ferhalen skilderje’ wat foar jim. Dosente Sanne van der Horst fertelt bysûndere eilânferhalen, dy weromkomme yn it keunstwurk. De folwûksenen wurkje oan it skilderen fan in lânskip. Stap foar stap learst hoe’st djipte suggereare kinst. Hoe brûkst kleur, en fral hoe kinst in 3d útsicht oersette nei in 2d flak. Tegearre mei dyn bern hearlik bûten oan it wurk. By  min waar bliuwe we binnen by de Folkshegeskoalle.

Graach oant sjen!

Sanne van der Horst ( Beeldend kunst Docent )

Praktyske ynformaasje
Binst fan herte wolkom om mei te dwaan, mei of sûnder ferbliuw op de Folkshegeskoalle. De kursus is foar beide dagen in moarnsskoft foar 1 folwûksene mei 2 bern €120,- mei alle materiaal en kofje/tee/limonade en wat lekkers.
Ferbliuw op de Folkshegeskoalle is mooglik yn in famyljekeamer. Freegje nei de mooglikheden fia info@folkshegeskoalle.nl of 0562-448954.