Ek yn maitiid en hjerst – om de simmerfakânsje hinne – is it goed om hjir te wêzen. Wa’t de drokte fan it deistich libben even op ‘de fêste wâl’ litte wol, komt hjir op azem.
De rêstige eastkant fan Skylge biedt in ûnbeheinde natuer. Folkshegeskoalle Schylgeralân, op in prachtich plak yn de Hoarnske bosk, leit der midden yn: oan de iene kant natuergebiet de Koegelwieck, en oan de oare kant it grutte dúngbiet dat oergiet yn de Boschplaat dat de bysûndere erkenning hat fan Europeesk natuerreservaat.

Foar in bedriuwsútstapke fine jo hjir in fantastyske bestimming. Mar ek om te harsensskraabjen of foar in training komme bedriuwen hjir graach. De Brêge lient him dêr tige goed foar, dêr sitte rêst en besinning al fan natuere yn it gebou.
Nim allinnich al de ljochte, rûne konferinsjeromte De Brêgeseal, mei in grut terras deromhinne. Dy seal is foarsjoen fan ferskate audiofisuele middels. Dêr kinne jo wurkje sûnder steurd te wurden. As jo dat wolle kinne we jo yn kontakt bringe mei in deifoarsitter of betûft trainer.
Oare bedriuwen of ynstellingen komme hjir foar teambuilding of foar in bedriuwsreis. Behalve yn De Brêge kinne jo ek oernachtsje yn it sportivere ferbliuw It Roefke mei sliepsealen en sliepsealtsjes. Wy dogge jo dêr graach in tal suggestjes en programma-ideeën foar oan de hân.

Famyljes en freonegroepen komme hjir graach, bygelyks om wat te fieren. Sy kinne ek kieze út de rêstich lizzende twapersoanskeamers fan De Brêge of út it gebou mei de sliepsealen en sliepsealtsjes It Roefke. Jo kinne ek kieze foar de fjouwerpersoans-apparteminten Koai en Stjûne.
Rekreaasjeseal It Bopperom is in gesellige seal mei in soad hout, en is foarsjoen fan piano, bar, tv en in lûdsynstallaasje. Klikke jo troch nei de programma-ideeën foar groepen dan fine jo faaks in goed idee. En wa’t ferdivedaasje siket yn Hoarne: op rinôfstân is it ferneamde muzykkafee mei de eilanner sjonger Hessel.

Ús kok mei har team wurket benammen mei farske yngrediïnten. Sy krijt faak kompliminten fan ús gasten oer de smaaklike en sûne mielen. Sy kin rekken hâlde mei fegetariërs en dieetwinsken, mits dy yntiids trochjûn binne.
Wy skinke Max Havelaar-kofje en brûke by it moarnsiten Skylger eko-tsiis. Dêrneist brûke we in soad oare biologyske en lokale produkten.